Diseldief ferriedt himsels

© ANP XTRA
In 19-jierrige jonge út in lyts doarpke yn de gemeente Hearrenfean is yn de nacht fan snein op moandei meinaam nei it buro, neidat er besocht hie disel te stellen út in auto oan de Skâns op It Hearrenfean. De eigener fan de auto hearde him, om't er in soad leven makke doe't er de tankdop net loskrije koe. De jonge skopte tsjin de auto oan en rûn dêrnei de tún yn. Dêr koe de bewenner him pakke.
De plysje naam de 19-jierrige mei nei it buro. Dêr die bliken dat er ûnder ynfloed fan drugs wie.