Liga net mear reedrydsponsor

Yvonne Nauta pakte snein har earste NK allround titel © ANP
Liga hâldt nei dit reedrydseizoen op as haadsponsor fan it reedrydteam mei dêryn de Friezinnen Yvonne Nauta, Thijsje Oenema en Margot Boer. Liga hat fjouwer jier sponsor west. Nettsjinsteande it súksesfolle seizoen fan de reedrydsters mei ûnder oare Olympysk brûns foar Boer op de 500 en 1000 meter yn Sotsji en de nasjonale allround-titel foar Nauta ôfrûne wykein, ferlingt de koekjesfabrikant it kontrakt net. In wurdfierder fan it team liet moandei witte dat der al petearen binne mei oare sponsors.
Nei TVM, BAM en Activia is Liga al de fjirde haadsponsor dy't it kontrakt foar takom seizoen net ferlinge wol.