Bûtenút Foarút fan start

03 mrt 2014 - 06:16

De nije subsydzjeregeling Bûtenút Foarút fan de provinsje foar ferfiersprojekten op it plattelân giet moandei offisjeel fan start mei in iepeningsseremoanje yn Reduzum. De skoalbus fan Reduzum, Idaerd, Friens en Tsienzerbuorren dy't al sûnt 1936 rydt, is in foarbyld fan hoe't de provinsje wol dat minsken har better ferpleatse. De skoalbus wurdt riden troch frijwilligers en op de dyk holden mei donaasjes fan doarpsbewenners.

Soarchorganisaasje Tellensgroep hat ek plannen. Sy wolle buskes ynsette om âlderen en minderfaliden te ferfieren.

Fan 1 maart ôf kinne plannen by de provinsje yntsjinne wurde. Dy moatte fernijend wêze en in oplossing wêze foar persoaneferfier op it plattelân. Foar ien projekt is op syn meast 100.000 euro beskikber foar in perioade fan trije jier. Yn de pot sit 400.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)