LDODK ûnderút tsjin Fortuna

02 mrt 2014 - 18:00
  • Teloarstelling by de froulju fan LDODK

De kuorballers fan LDODK ha snein mei 18-14 ferlern fan de nûmer 3 Fortuna. Yn sporthal Koarstsweagen gong de striid lang lykop en hold de ploech fan Jan Sjoerd Pool knap de oansluting mei de gasten út Delft. By rêst stie der in 7-8 efterstân foar LDODK op it boerd.

Yn de twadde helte kaam LDODK op likense hichte, mar by in 10-10 stân naam Fortuna de lieding oer en rûn út nei 12-18. LDODK wist de skea noch te beheinen oant fjouwer punten, mar slagge der sûnder topskutter André Zwart net yn foar in stunt te soargjen.

Troch it ferlies bliuwt LDODK stean op 9 punten út 16 wedstriden, goed foar it 8e plak. Nije wike stiet de topper tsjin nûmer 9 OVVO op it programma. By winst is de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool wis fan liifsbehâld yn de heechste kuorbalklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)