Lokale partijen yn opmars

02 mrt 2014 - 17:03

Hast fjouwer op de tsien partijen dy't op 19 maart meidogge oan de gemeenteriedsferkiezings yn Fryslân binne lokale partijen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS en de regionale omroppen. De FNP wurdt ek ta de lokale partijen rekkene.

Op It Amelân, yn East- en Weststellingwerf en yn Opsterlân docht ien nije lokale partij mei. Yn Smellingerlân, Tytsjerksteradiel, Harns en Littenseradiel is it tal partijen dat meidocht oan de ferkiezings, opteld mei fiif ôfnaam.

Yn tsjinststelling ta oare regio's dogge yn Fryslân gjin spesifyke âldereinpartijen mei oan de ferkiezings.

Klik hjir foar de ferkiezings-applikaasje fan de NOS

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)