Cambuur pakt punt tsjin Grins

02 mrt 2014 - 16:26
  • SC Cambuur pakte in knap lykspul tsjin FC Grins

SC Cambuur pakte snein in knap 1-1 lykspul tsjin FC Grins. Yn de Euroborg hie Cambuur de earste helte hâlden en kearen om de oanfallen fan Grins te parearjen. Ramon Leeuwin wie foar Cambuur tichtby de 1-0, mar syn kopbal gong neist.

Nei rêst makke âld-Cambuurspiler Tjaronn Chery de 1-0 foar Grins. Yn in kolkjende Euroborg sette Elvis Manu de Ljouwerters in kertier foar de ein fan 11 meter ôf op likense hichte. Yn in spannende einfaze wienen der folop kânsen oan beide kanten, mar gjin fan beide ploegen wist de winst oer de streek te lûken.

Troch it lykspul komt Cambuur no op 30 punten út 26 wedstriden, goed foar it alfde plak yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)