Karnaval yn Snitser tsjerke

Yn de Martinitsjerke yn Snits koe snein wer karnaval fierd wurde. De karnavalstsjinst wie ek foar net-Roomsen tagonglik. It feest begûn nei de mis fan healwei alven. Nei tolven kamen trije koaren, in hofkapel en in orkest de tsjerke yn. It wie de fyfde kear dat op dy wize karnaval fierd waard yn de tsjerke.
De stêd Snits is foar karnaval omdoopt ta Drabbelterp. It karnavalsfeest wurdt folge troch in perioade fan fêstjen, dat wer de tarieding op Peaske is.