Koen Verweij hast kampioen

02 mrt 2014 - 15:05

Koen Verweij wurdt mei flagge en wimpel Nederlânsk kampioen allround. Troch syn moaie winst op de 1500 meter yn 1.49.92 en de diskwalifikaasje fan Sven Kramer sneon op de 5000 meter hat Verweij eins gjin konkurrinsje mear. Op de 1500 meter op it bûteniis fan it Olympysk stadion yn Amsterdam waard Renz Rotteveel twadde yn 1.51.28. It brûns wie foar yn Rhian Ket yn 1.52.17. Op de 10 kilometer hat Verweij no in marzje fan krapoan 45 sekonden op nûmer twa Rotteveel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)