SCO wint degradaasjewedstriid

De kuorballers fan SCO hawwe sneontejûn mei 24-18 fan degradaasjekonkurrint KVA wûn en binne dêrtroch wis fan haadklassekuorbal takom sealseizoen. Yn de eigen sporthal holden de beide ploegen inoar lang yn lykwicht. By rêst stie der in 13-11 tuskenstân op it boerd yn it foardiel fan de thúsploech fan trainer Hillebrand Diever.
Yn de twadde helte wist SCO pas yn de slotfaze it ferskil te meitsjen. Mei noch twa minuten op 'e klok stie der in 22-18 foarsprong op it boerd en wie it ferset by KVA brutsen. Troch it ferlies degradearret KVA.