Nauta twadde achter Valkenburg

02 mrt 2014 - 13:49

Yvonne Nauta bliuwt op it NK allround yn Amsterdam nei de 1500 meter op it twadde plak yn it klassemint stean. De 1500 meter waard wûn troch Diane Valkenburg yn 2.03.45. Irene Schouten waard twadde yn 2.05.25 en Yvonne Nauta tredde yn 2.05.30. Troch har bêste tiid gong Valkenburg fan it fiifde nei it earste plak. Yvonne Nauta bliuwt twadde en moat op de 5000 meter 3.28 sekonde goedmeitsje. Jorien Voorhuis sakke fan plak ien nei trije. Sy hat in efterstân fan goed fjouwer sekonden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)