Brúnfisk oanspield op Flylân

02 mrt 2014 - 13:21
  • De brúnfisk spielde dit wykein oan op Flylân

Op de Waadkust fan Flylân is sneon in libbene brúnfisk oanspield. Dat komt net faak foar. Meastentiids spiele brúnfisken dea oan. Meiwurkers fan ynfosintrum De Noordwester hawwe it bist earst op 'e noed naam. Dêrnei is de brúnfisk nei it Dolfinarium yn Hurderwyk ta brocht.

Neffens Marc ter Ellen fan De Noordwester komme der hieltyd mear brúnfisken yn de Waadsee. Dat is neffens him in goed teken. It wiist op genôch fretten en skjin wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)