Drugsbrûker oanhâlden yn Snits

02 mrt 2014 - 10:06
  • Plysje

Yn in útgeansgelegenheid oan de Kruizebroedersstrjitte yn Snits is sneontenacht in man fan 20 jier út dy stêd oanhâlden foar it brûken fan harddrugs. De man waard trappearre op it brûken fan de drugs. Hy besocht it guod troch it húske te spielen, mar dat mislearre.

Doe't er fûllearre waard, fûn de plysje noch fjouwer pûdsjes softdrugs yn syn broeksbûse. Der is proses-ferbaal tsjin de Snitser opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)