Taksysjauffeur bedrige
Yn Koatstertille is yn de nacht fan sneon op snein in man oanhâlden, om't er in taksysjauffeur bedrige hie. De 51-jierrige Drachtster woe syn rit net betelje en bedrige de sjauffeur. De plysje hat de man, dy't ûnder ynfloed fan drank wie, meinommen nei it plysjeburo. Ien en oar barde op De Koaten.