Sven Kramer wint 5000 meter

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer is en bliuwt de kening fan de 5000 meter. De Olympysk kampioen wûn syn ôfstân op it NK allround op it bûteniis fan it Olympysk stadion mei 6.32.29. Ploechmaat en konkurrint foar de Nederlânske titel Koen Verweij waard kreas twadde yn 6.35.16. Dizze twa riders sille snein de striid oangean om de nasjonale titel. Verweij begjint oan de 1500 meter mei in foarsprong fan 1.57 sekonde op Kramer. Douwe de Vries waard fiifde op de 5 km yn 6.44.53 en stiet ek fiifde yn de tuskenstân.
Nei de 5000 meter waarden Sven Kramer en Douwe de Vries út de útslach skrast. Sven Kramer omdat er net mei de beide redens op it iis oer de einstreek kaam, Douwe de Vries soe in bocht ferkeard yngong wêze.