Konfettykanon yn Snits stikken

01 mrt 2014 - 16:16
  • Konfettykanon Snits

De Snitser karnavalferiening De Oeletoeters hat sneontemiddei net lang genietsje kinnen fan har konfettykanon. Ferline jier mocht it kanon gjin konfetty oer de strjitten spuitsje, as de feriening net mei 14.000 euro oer de brêge kaam foar skjinmakkosten. Foar dit jier wienen der ôfspraken makke tusken de gemeente Súdwest-Fryslân en de Oeletoeters. It siet de karnavalsferiening mei de optocht lykwols net mei: nei in pear hûndert meter wie it dien, as gefolch fan motorpech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)