Soad animo foar berteleppel

Sa'n 250 besikers kamen sneon nei it Fries Museum mei in berteleppel. Dat binne sulveren leppels, faak út de 18de en 19de ieu, dy't neffens âlde Fryske tradysje by de berte fan in poppe jûn waarden. Saakkundigen wienen oanwêzich om de leppels te beoardieljen. Dy seagen nei de ynskripjes, mar wienen ek benijd nei de ferhalen achter de leppels. Besikers brochten âlde, mar ek nije leppels yn.
De leppels kinne yn brûklien jûn wurde foar in eksposysje yn it Fries Museum fan 31 maaie ôf oer Zilveren herinneringen. Dy rint oant en mei 17 augustus.