Toanielklup Itens: 2 Oscars

De toanielgroep Nim It Sa't Is út Itens hat sneon yn Utert twa Oscars wûn. Se diene mei oan de wedstriid fan it NCRV-prgramma Man Bijt Hond. Dy hie fiif amateurtoanielferienings yn Nederlân frege om in sêne út in bekende Hollywoodfilm nei te spyljen. Dêr koene se in Man Bijt Hond-Oscar foar winne. Nim It Sa't Is krige in sêne út Moulin Rouge tawiisd.
De Oscars binne takend yn de kategoryen dekôr/kostúm en bêste film.