Krityk op kolleezje DFM

01 mrt 2014 - 13:07

De PvdA en VVD yn De Fryske Marren hawwe krityk op it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De partijen fiele har minachte, omdat se moandei in beslút nimme moatte oer in nammewiziging fan de gemeente, mar gjin ynformaasje krigen hawwe oer wat dat kostet. Dy ynformaasje wie wol tasein, en se hawwe der ek noch in tal kearen om frege.

Neffens de PvdA en VVD stiet it foarfal net om himsels. Ofrûne tiisdei waarden se neffens eigen sizzen noch ferkeard ynformearre oer in oare saak.

Trefwurden: 
PvdA VVD De Fryske Marren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)