Oprop ideeën plattelânsferfier

De provinsje ropt ynwenners fan it plattelân op mei kreative ideeën te kommen om it persoansferfier yn har wengebiet te ferbetterjen. It giet om regio's mei hast of hielendal gjin iepenbier busferfier. Goede plannen kinne rekkenje op in subsydzje oant 100.000 euro. Dit bedrach kin brûkt wurde foar bygelyks de oanskaf fan in eigen skoalbus, in dielauto of it oanstellen fan in karpoolkoördinator.
Fan 1 maart ôf kinne plannen by de provinsje yntsjinne wurde. Se moatte fernijend wêze en in oplossing wêze foar persoaneferfier op it plattelân.
Deputearre Johannes Kramer sil moandei yn Reduzum it projekt 'Bûtenút Foarút' offisjeel iepenje.