Polityk yn de winkels

01 mrt 2014 - 11:49

Op 'e Gordyk ha de VVD en D66 fan de gemeente Opsterlân in politike 'pop-up store' iepene foar de gemeenteriedsferkiezings. De partijen sitte tydlik yn in leechsteande winkel yn it sintrum. Doel fan de lokale ôfdielingen is om op in leechdrompelige wize ynformaasje te jaan oer de ferkiezings op 19 maart. Ek kinne besikers debattearje mei kandidaat-riedsleden.

Yn Burgum hat CDA Tytsjerksteradiel in Freonehûs iepene om dêrwei kampanje te fieren. Tal fan byienkomsten wurde dêr organisearre en besikers kinne mei (kandidaats) riedsleden prate.

De politike pop-up store op De Gordyk is iepen op sneon 1, 8 en 15 maart fan 10.00 oant 16.00 oere. Ek snein 16 maart is de winkel iepen fan 11.00 oant 15.00 oere. Yn Burgum is it hûs iepen op woansdei (14.00-17.00 oere), freed (10.00-21.00 oere) en sneon (10.00-16.00 oere)

ChristenUnie en PvdA hâlde it gewoan by it âlderwetske flyerjen. De lanlike partijen moatte alles út 'e kast helje, want út ûndersyk docht bliken dat 30 prosint fan 'e stimmen nei de lokale partijen gean sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)