Kontrôles op ferskate diken

01 mrt 2014 - 10:27

De plysje hat freed op meardere sneldiken yn Fryslân ferkearskontrôles hâlden. It giet om de A7, N31 en N381. Der binne meardere oertrêdings konstatearre. De plysje hat prosessen-ferbaal útskreaun foar it riden mei drank op, ferbean wapenbesit en te hurd ride. De frjemdlingeresjerzje en belestingtsjinst wurken ek mei oan de kontrôles. De belestingtsjinst hat tolve auto's yn beslach naam dêr't net foar betelle wie.

Trefwurden: 
plysje kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)