WK allround Thialf útferkocht

Thialf
It WK allround, dat letter dizze moanne op it iis fan Thialf op It Hearrenfean hâlden wurdt, is útferkocht. Dat lit de KNSB witte. Neffens it bûn binne de goeie prestaasjes fan de Nederlânske riders by de Olympyske Spelen mei de oarsaak fan it sukses. Mei it WK allround wurdt ek it reedrydseizoen 2013-2014 ôfsletten. Foar de finale fan de wrâldbeker binne noch wol kaarten te krijen. Ek dy wurdt dizze moanne op Thialf ferriden.