Fúzje fuotbal Harns in feit

01 mrt 2014 - 08:22

De fúzje fan de Harnzer fuotbalklups VV Harlingen en Robur is in feit. Freedtejûn stimden de leden fan beide klups yn mearderheid foar sa'n fúzje. By Robur wie 95 prosint fan de leden posityf, by VV Harlingen wie dat 77 prosint. Earder wie der al in gearwurking tusken de jeugdteams fan beide klups, fan takom seizoen ôf gean ek de oare teams yn elkoar op. Wat de nije namme fan de klup wurdt, is noch net bekend, dy wurdt útmakke mei in priisfraach. Ek moat noch besjoen wurde wat de klupkleuren wurde.

Tsjinstanners fan de fúzje fine it benammen dreech om ôfskie te nimmen fan it eigene fan har klup. It giet meast om leden dy't al jierrenlang lid binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)