Lintsje foar Hilly Harms

© 'Juster is fuort' mei Hilly Harms en Popke van der Zee
Aktrise Hilly Harms hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Nei ôfrin fan de try-out fan har nije foarstelling 'Juster is fuort' waard se troch boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. De eardere spylster fan Tryater krige har ûnderskieding foar har ynset foar it Fryske toaniel, as aktrise en as regisseur.
Hilly Harms wie ek te sjen yn in tal Fryske films, wêrûnder De gouden swipe, en yn de Omrop Fryslân dramasearje Baas boppe Baas.