Nije slûs Starum hast klear

28 feb 2014 - 21:43

De twadde Johan Frisoslûs yn Starum is hast klear. Freed is úteinset mei it binnenlitten fan wetter út de Iselmar. Starum krijt in ekstra slûs by de Iselmar fanwege de grutte oanrin fan wettertoeristen simmerdeis. De offisjele iepening fan de slûs is op 8 maaie. Oant dy tiid moat der noch technyk oanlein wurde en sjoen wurde oft alles goed wurket. Boubedriuw Ballast Nedam seit dat de nije slûs grien, milieufreonlik en enerzjyneutraal is.

De provinsje hat 20 miljoen euro yn it projekt stutsen.

Dêr binne ek de kosten fan tweintich jier ûnderhâld by berekkene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)