Wüst wint 1000 m. op NK sprint

28 feb 2014 - 21:43
  • Ireen Wüst nei winst op de 1500 m op it OKT

Ireen Wüst hat op de earste dei fan it NK sprint yn Amsterdam de 1000 meter op har namme skreaun. Wüst wûn yn in tiid fan 1.17.12 en bleau dêrmei Lotte van Beek hast in sekonde foar. Van Beek waard twadde yn 1.18.08. It tredde plak wie foar Margot Boer mei 1.18.39.

Manon Kamminga fan It Hearrenfean einige as fjirde (1.19.21), Marrit Leenstra fan Wikel as fyfde (1.19.48) en Thijsje Oenema as sechsde (1.19.59). Margot Boer giet nei de earste dei oan de lieding, foar Lotte van Beek en Ireen Wüst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)