Schouwstra yn yngenieurfinale

28 feb 2014 - 20:37

Gert Schouwstra út Snits is mei syn ûntwerp foar in frachtskip op sinne-enerzjy selektearre as finalist foar de Vernufteling-priis. Dizze priis wurdt útrikt troch it Keninklik Ynstitút fan Yngenieurs oan in projekt dat in grutte sosjale en ekonomyske ympekt hat.

It frachtskip fan Schouwstra is in standerd skip dat oanpast wurde kin oan de easken fan de gebrûker. Sa kin it ynset wurde foar de fiskerij, mar ek foar ûndersyk yn natoerreservaten of it ferfier fan passazjiers. It makket boppedat gebrûk fan sinne-enerzjy.

Trefwurden: 
Snits skipsbou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)