Topnatoer ympuls yn Waadgebiet

© EPA
De PvdA wol de ekonomy fan it waadgebiet in ympuls jaan troch yn te setten op it ûnderhâld fan topnatoer. Dêrfoar moat der ien gebietsferantwurdlike komme, dy't in behearsplan makket foar de natoer yn de streek en ynset op de produksje fan autentike streekprodukten.
Dat stiet yn it Waadplan dat Twadde Keamerlid Lutz Jacobi freedtejûn presintearret op de seefeartskoalle op Skylge. Neffens Jacobi is toerisme de ekonomyske motor fan it Waadgebiet, mar is der hieltyd mear konkurrinsje fan goedkeape reizen nei it bûtenlân.
De eilannen moatte neffens Jacobi mear gebrûk meitsje fan de wrâlderfguodstatus.