Nauta begjint NK mei 8e plak

© awfoto.nl
Yvonne Nauta fan Twellingea is it NK allround yn Amsterdam freed úteinset mei in achtste plak op de sprintersôfstân, de 500 meter. Nauta, ien fan de favoriten foar de nasjonale allround-titel, klokte in tiid fan 41.77 en joech dêrmei 1,28 tellen ta op winneres en ploechgenoat Jorien Voorhuis.
Voorhuis, wenjend op It Hearrenfean, wûn yn in tiid fan 40.49. It twadde plak wie foar Marije Joling (40.80), dy't dêrmei krekt nûmer trije Annouk van der Weijden (40.88) foar wist te bliuwen.
Reina Anema fan De Gordyk einige mei har tiid fan 41.88 as tsiende. Sanne van der Schaar fan Wommels kaam mei 42.18 út op it fjirtjinde plak.