'Te gau konklúzjes oer Heeres'

28 feb 2014 - 18:46
  • Tjalling van der Goot

Der wurdt te gau mei in beskuldigjende finger nei it bedriuw Heeres Mix & Pomp Techniek wiisd as skuldige oan it dongsilo-ûngelok yn Makkingea. Dat seit advocaat Tjalling van der Goot. Ofrûne wike kaam de ûndersyksried mei in rapport oer it ûngelok. Dêryn stiet ûnder oare dat der gjin goede apparatuer brûkt is en dat de warskôgingsapparatuer net goed wurke.

Ferskate partijen lizze dêrom de skuld by Heeres. Van der Goot fynt it noch fierstente betiid om dêr wat oer te sizzen. Hy fynt dat minsken earst de rjochtsaak ôfwachtsje moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)