Buert stjoert slopers fuort

Bewenners fan in karakteristyk buertsje yn Surhústerfean ha freed wurklju fuortstjoerd dy't dwaande wiene om yn leechsteande huzen de keukens, wasbakken en húskes te slopen. Sy diene dat neffens de buertbewenners yn opdracht fan de stifting Woningbouw Achtkarspelen. Dy wol de 18 wenten oan de Langeleane en de Molenwei fuort ha, mar dêr fersette de bewenners har tsjin.
Tongersdei wienen de slopers ek al dwaande en freed soenen se wer fierder. De buert is lulk omdat sy der fanút gean dat de wenningboustichting dit hielendal net dwaan mei.
De wenningstichting moat neffens de buertbewenners earst de rjochter om tastimming freegje foardat der sloopt wurde kin. De wenningboustichting wie net foar kommentaar te berikken.