Museum siket breidene poppen

Museum Dokkum is op syk nei swarte breiden poppen. It museum hat yn maaie in tentoanstelling oer breide fiskerstruien en antyk breidswurk en wol njonken klean ek graach swarte breiden poppen sjen litte.
Al fan 1930 ôf waarden der breidene swarte poppen makke. Der wienen sels hiele breidsboeken dêr't patroanen ynstienen oer hoe't sa'n poppe makke wurde koe. It museum hat in pear eksimplaren yn besit, mar is op syk nei mear poppen foar de tentoanstelling.