Fuotbalklups stimme oer fúzje

28 feb 2014 - 15:49

Twa fuotbalklups yn Harns stimme freedtejûn oer in fúzje. De leden fan de sneinsklups VV Harlingen en RKVV Robur meie dat útmeitsje. De fúzje leit benammen gefoelich by VV Harlingen, om't de klup dan ferhúzje moat nei it ûnderkommen fan Robur. Dêr wurde dan ekstra klaaikeamers boud en der komt ek in keunstgersfjild.

Dit seizoen spilet de jeugd fan beide klups foar it earst meielkoar en dat giet goed. Earder besochten beide sneinsklups de lapen gear te smiten mei de sneonsklup Zeerobben. Dat is mislearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)