Ziyech nei Jong Oranje

28 feb 2014 - 15:21

Middenfjilder Hakim Ziyech fan SC Hearrenfean is troch de bûnscoach oproppen foar Jong Oranje. Hy mei him op 2 maart melde by de seleksje, dy't op 5 maart yn aksje komt tsjin Jong Israël.

Ploechgenoat Bilal Basacikoglu makke ek diel út fan de foarseleksje fan Jong Oranje. Hy komt net yn aksje fanwege in knibbelblessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)