Karen Bies skriuwt diktee

Karen Bies © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies sil dit jier it Grut Frysk Diktee skriuwe. Bies sil net allinnich de teksten skriuwe, mar it diktee ek foarlêze.
It diktee wurdt hâlden op 16 april yn de Steateseal yn Ljouwert. Om kâns te meitsjen op in finaleplak by it Grut Frysk Diktee moatte dielnimmers in kwalifikaasjediktee meitsje. Dat is te finen op de webside fan de Fryske Akademy.