Jild foar swimles earmere bern

28 feb 2014 - 15:14

De gemeente Tytsjerksteradiel stelt oant en mei it jier 2015 goed 26.000 euro beskikber foar bern fan húshâldens mei in leech ynkommen. It jild makket it mooglik dat de bern meidwaan kinne oan sosjale aktiviteiten lykas swimles, skoalreiskes en sport.

Hieltyd mear bern kinne om finansjele redenen soks net mear dwaan. Tytsjerksteradiel wurket dêrby gear mei Stichting Leergeld.

Trefwurden: 
bern Tytsjerksteradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)