Bunkers tagonglik meitsje

28 feb 2014 - 12:39

Dútske bunkers op de fêste wâl moatte tagonkliker wurde foar publyk. Dêrfoar sette in tal organisaasjes harren yn. Lânskipsbehear Fryslân en it Stipepunt Monumentesoarch Fryslân sitte dêr ek by.

Ferline jier is it bunkerprojekt al úteinset op de Waadeilannen. No komt de fêste wâl der ek by. It giet om bunkers fan Noard-Hollân oant en mei Grinslân. Sy meitsje diel út fan de ferdigeningsliny Atlantikwall út de Twadde Wrâldoarloch. De bunkers by Koarnwertersân hearre dêr ek by. Guont dêrfan binne noch net iepen.

Ofhinklik fan it beskikbere jild, wolle de inisjatyfnimmers ûnder mear bunkers iepenstelle, besikerssintra meitsje en buorden mei ynformaasje delsette. Mooglik komt der ek noch in teaterfoarstelling. Ien en oar moat liede ta in ynternasjonale konferinsje yn 2018 yn Ljouwert dat dan kulturele haadstêd fan Europa is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)