Gjin geweldspoaren op lichem

28 feb 2014 - 11:59

It lichem fan Thea Kootstra-Oosting út Ravenswâld fertoant gjin spoaren fan geweld. Dat hat it NFI fêststeld. It stoflik omskot fan de frou (52) waard tiisdei fûn yn in greide by it doarp. Sy wie doe al goed in wike fermist.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de dea fan de frou. Neffens wurdfierder Anne van der Meer stean noch hieltyd alle opsjes iepen. It kin in ûngelok, selsmoard of in misdriuw wêze. Wol is de kâns dat de dea fan Kootstra in misdriuw wie, wat lytser wurden, seit Van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)