Rôf yn Noarderbuert Drachten

28 feb 2014 - 10:28
  • Taskedief

Ferline wike freed hat in man besocht in meiwurkster fan in winkel oan de Noarderbuert fan har tas te berôvjen. De frou rûn op strjitte doe't de man har op 'e fyts ynhelle en besocht har de tas fan it skouder te lûken. Dat mislearre en de man naaide út.

De plysje siket de dieder en ek in man en in frou dy't op it momint fan de rôf op de Noarderbuert rûn en mooglik wat sjoen hawwe. De oerfaller hie in swart jek en spikerbroek oan

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)