Brân yn kapsalon Grou
Yn beautysintrum en kapsalon Bertina yn Grou bruts tongersdeitejûn brân út troch koartsluting yn in sinnebank. De brânwacht fan Grou hie de brân rap ûnder kontrôle. By de brân kaam in soad reek frij. De minsken dy't yn de salon wienen doe't de brân útbruts binne fuortendaliks nei bûten brocht. By de brân rekke net ien ferwûne.