Aris en Molthoff útelkoar

De Ljouwerter basketbalploech Aris en trainer Ed Molthoff geane per direkt útelkoar. Dat is tongersdei besletten. Reden fan de breuk is neffens Aris it tsjinfallende resultaat. Aris stiet op it stuit sânde yn de earedivyzje. Ek soe der gjin goeie gemy tusken Molthoff en it team wêze.
Assistint-trainer Tom Simpson sil de taken fan Molthoff foarearst oernimme.