Duo langer yn Dútske sel

Profyltekening Antonio Marcos van der P. en Enise Merve B. © ANP
It kriminele duo dat woansdei oanhâlden waard bliuwt foarearst yn in Dútske sel. Se wurde fêsthâlden salang as de útleveringsproseduere mei Nederlân rint. Antonio Marcos van der Ploeg fan De Harkema en Enise Bircan waarden woansdei oanhâlden yn in hotel yn it stedsje Schwerte, by Dortmund.
De Nederlânske en Dútske plysje hienen dagenlang jacht op harren makke. Yn Nederlân hawwe se har skuldich makke oan swiere mishanneling en ûntfiering.