Itens yn spanning om Oscars

27 feb 2014 - 15:08

Itens sit yn spanning foar in Oscar-útrikking. De toanielferiening docht mei oan in wedstriid fan it NCRV-programma Man Bijt Hond. Fiif amateurferienings stride om de Man Bijt Hond-Oscar mei in filmke fan in minút. Dêryn wurdt in sêne út in bekende Hollywoodfilm neispile. Foar de spilers fan "Nim it sa't it is" wie dat Moulin Rouge. Sneon reizget de ploech nei Utrecht om dêr te hearren oft se wûn hawwe of net.

Stimme kin noch oant en mei freed 28 febrewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)