'Mear jild nei guozzebelied'

27 feb 2014 - 14:25

It Ryk moat mear middels beskikber stelle om de oerlêst fan guozzen op it boerelân oan te pakken. Dat seit Twadde Keamerlid Helma Lodders fan de VVD. Lodders is tongersdei op besite yn natoergebiet De Deelen by Aldeboarn.

Lodders wol der by steatssikretaris Dijksma op oantrune gau fergassing fan guozzen ta te stean. Ek soene lokmiddels ynsetten wurde moatte by it op peil hâlden fan de guozzestân.

De jagersferiening ûnderskriuwt dit. Ek fine se dat der nei it fuortfallen fan it guozze-akkoart besocht wurde moat om de diskusje oer de guozzen út it ferdomhoekje te heljen. Neffens de jagers is de diskusje noch te folle achter sletten doarren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)