Striid oer keatswant

Keatser Cornelis Terpstra hat in advokaat yn de earm naam om te sjen oft hy op jurdyske grûn dochs offisjele keatswanten meitsje kin. De âld PC winner makket sels wanten en wol graach in saneamde lisinsje hawwe sadat de wanten dy't hy makket ek in sertifikaat krije kinne. De KNKB wol dat lykwols net.
Allinnich wanten mei in sertifikaat meie op offisjele keatswedstriden brûkt wurde. De advokaat hat no in brief skreaun mei arguminten wêrom't de KNKB mis is. De KNKB beriedt him op de kwestje.
As se negatyf reagearje en fêsthâlde oan har stânpunt oerwaget Terpstra in koart pleit oan te spannen.