Nij aktiviteitepark yn Burgum

27 feb 2014 - 11:07
  • It plak dêr't it aktiviteitepark komme moat
  • It plak dêr't it aktiviteitepark komme moat.

Mei de Peaske giet yn Burgum in nij grut aktiviteitepark iepen. Neffens de inisjatyfnimmer, Hessel Bouma Beheer, wurdt in it grutste park yn syn soarte fan Noard-Nederlân. It park moat alle jierren sa'n 25.000 besikers lûke en komt oan de Oppedyk van Veenwei yn Burgum. It nije park jout wurk oan inkelde tsientallen minsken.

Earder joech de ried fan Tytsjerksteradiel tastimming foar de oanlis fan klimpeallen fan sa'n 15 meter heech. Inisjatyfnimmer Bouma komt freed mei syn plannen nei bûten. Dan wurdt ek de namme fan it park bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)