Man út grêft Ljouwert rêden

27 feb 2014 - 08:36
  • De drinkeling waard troch de brânwacht út it wetter helle.

De brânwacht hat woansdeitenacht yn Ljouwert in 19-jierrige man út Goutum út de grêft oan de Willemskade rêden. De Goutumer besocht syn ketting wer om syn fyts te dwaan, mar ferlear dêrby it lykwicht en foel yn it wetter.

In foarbygonger dy't de plons hearde warskôge de helptsjinsten. Dy hawwe de Goutumer út it wetter helle, hy is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)