Rekôrdrokte iishal Ljouwert

27 feb 2014 - 08:11

De iishal yn Ljouwert hat woansdei in rekôrtal besikers lutsen. Foar it earst yn it 34-jierrich bestean fan de hal kamen der 800 reedriders op ien dei. Neist de skoalfakânsje hat it rekôr neffens de iishal te krijen mei it útbliuwen fan natueriis en it sukses fan de Nederlânske riders yn Sotsji. Oft ek meispile dat it 28 jier lyn wie dat er in Alvestêdetocht hâlden waard is net dúdlik.

Trefwurden: 
Ljouwert iishal rekôrdrokte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)