Reedride yn parkeargaraazje

De parkeargaraazje ûnder it Raadhuisplein yn Drachten giet pas 10 maart offisjeel iepen, mar woansdei en tongersdei is de flier noch foar de bern. Dy kinne dêr reedride en hurdfytse. Foar de reedriders is in iisbaan fan 100 m2 meter lein en de fytsers kinne krosse op in 70 meter lang pumptrack. Der waard woansdei in soad gebrûk fan makke.
Alles is fergees en dat jildt ek foar de koeke en de poeiermolke.