Heeres wurket mei oan ûndersyk

Trije deaden yn dongsilo, Makkingea © ANP
Heeres Mix- en Pomptechnyk út Abbegea wol net yngean op de fraach hokker bedriuw of persoanen juridysk oanspraaklik binne foar it deadlik ûngelok by it skjinmeitsjen fan in dongsilo ferline jier juny yn Makkingea. Saakkundigen sille har de kommende tiid bûge oer de fraach wa't juridysk oanspraaklik is foar it ûngelok, dêr't trije minsken by omkamen en ien persoan swier ferwûne rekke.
De direkteur fan Heeres seit syn meiwurking te ferlienen oan dit ûndersyk, om sa foar de neibesteanden en belutsenen mear dúdlikheid te krijen.